We binne yntusken alwer in moanne oan de gong as bestjoer, dat it is heech tiid om ússels ris efkes foar te stellen. Op 3 septimber 2019 is nammentlik it 94e bestjoer Fier Foarút úthammere en hat it 95e bestjoer Fol Fjoer it stokje oernaam. De namme is keazen mei it each op de waarmte dy’t de Pizel biedt, dy’t wy graach útstrale wolle nei de leden. It thúsgefoel dat de leden ûnderfine op de soas wolle wy graach stimulearje. Fol fjoer stjit ek foar de motivaasje dy’t de bestjoersleden fiele om it jier ta in súkses te meitsjen. Bestjoer Fol Fjoer bestiet út de folgjende seis persoanen:
Anne-Wil Bakker, foarsitter
Welmoed Sjoerdstra, skriuwer
Anno Hofman, ponghâlder feriening
Robert de Boer, eksterne
Jantsje Kroes, ynterne
Marten Wytze Algra, ponghâlder SB
2015 © FFJ Bernlef