|
Ynterfrysk Kongres 1-3 yn Harns
|
|
|
|
|
|
 Fan 1-3 juny fynt yn Harns it trijejierlikse Ynterfrysk Kongres foar de Fryske minderheden yn Dútslân en Nederlân plak, dat sûnt 1925 ôfwikseljend yn West-, East- en Noard-Fryslân holden wurdt. Diskear is it tema ‘Nije kânsen foar de Fryslannen’.
Freedtemiddei 1 juny stiet in besite oan it Hannemahuis yn Harns op it programma, it kongres sels is op sneon 2 juny, mei de jûns in prachtige boattocht oer it Waad. Snein 2 juny kin nei de Ynterfryske tsjerketsjinst dielnommen wurde oan in stêdskuier. Klik foar mear ynformaasje oer it program op "lês mear" hjirûnder.
De dielnamekosten, ynklusyf op de sneon middeisiten en in buffet oan board, wurdt tsjin in ridlike priis (€55-€27,50) fersoarge mei koarting foar studinten (€40-€20). Ynteresse om diel te nimmen oan dit kongres, of ûnderdielen dêrfan, en de Noard- en Eastfriezen ek ris te moetsjen? Sjoch dan op www.fryskerie.nl of freegje in programma op by de sekretaris fan de Fryske Rie: Saapke Miedema, tel. 06 16 608 348, ynterfryskerie@gmail.com (of klik op it plaatsje rjochtsboppe). Opjeften foar dielnimming by foarkar foar 17 maaie.
Groetnis,
De Ynterfryske Rie
|
|
Lês mear...
|