Ynternasjonale dei fan de memmetaal 2025

21 Febrewaris 2025

Ynternasjonale dei fan de memmetaal 2025

Hjoed is de UNESCO ynternasjonale dei fan de memmetaal! Dit jier fiert UNESCO it 25-jierrich bestean fan dizze dei en leit de klam op de rol en it belang fan taaldiversiteit en meartaligens yn it koesterjen fan weardichheid, frede en begryp. It is in momint fan refleksje oer de foarútgong dy't boekt is de ôfrûne 25 jier, mar ek in foarútblik op de takomst fan de minderheidstalen yn 'e wrâld.

UNESCO skat dat der sa’n 8.324 sprek- en gebeartetalen besteane, dêr't noch sa’n 7000 talen fan yn gebrûk binne. Mar taaldiversiteit stiet ûnder druk en hieltyd mear talen ferdwine yn ús rap feroarjende wrâld. Der ferdwynt likernôch alle twa wiken in taal. Wannear’t in taal ferdwynt, ferdwine ek jierren oan skiednis, kultureel erfgoed en identiteit, lykas unike wizen fan tinken en uterjen. It is krekt dat ferskaat oan talen en kultueren dat de wrâld sa nijsgjirrich makket.

Mei 416.000 sprekkers soest tinke dat it Frysk wol in sterke posysje hat… en dat is foar in part ek sa, sjoen it plak dat it Frysk hâldt yn sosjale- en famyljenetwurken yn Fryslân en it ferskaat oan boarnen dy’t beskikber binne foar (fierdere) behearsking en ûntwikkeling fan it Frysk. Mar it plak fan it Frysk is net sa sterk yn it ûnderwiis en yn formele domeinen, foaral yn ferliking mei it Nederlânsk en it Ingelsk. Der binne útdagingen genôch, sa as de ynstream fan net-Fryskpraters yn ‘e provinsje, in ôfnimmende trend fan Frysk prate tsjin de bern, in negative taalhâlding fan in soad minsken en de fergrizing.

Om it Frysk ek yn de takomst fitaal te hâlden, moat der goed neitocht wurde oer hoe’t wy mei dizze útdagingen omgean kinne. Lokkigernôch sjogge wy dat der foar it Frysk ek kânsen lizze. Tink bygelyks oan de Fryske ferkearsbuorden dy’t ynkoarten komme sille. It is in prachtich foarbyld fan in lytse feroaring dy’t it Frysk sichtber makket, wêr yn Fryslan oftst ek mar komst! It is wichtich om it Frysk yn ferskate domeinen te promoatsjen en te stimulearjen, yn it ûnderwiis, op it ynternet en wêr oars dan ek!

Foar mear ynformaasje: https://www.unesco.org/en/articles/languages-matter-silver-jubilee-celebration-international-mother-language-day

Wat dochsto op ‘e ynternasjonale dei fan de memmetaal?

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.