Sinteklaas is it lân út, heech tiid om ús hjirre foar te stellen! Op tiisdei 3 septimber 2024 hawwe wy, 'Troch Grûn Ferbûn', it stokje oernaam fan 'Tsjoch Op'.
Troch grûn ferbûn ferwiist nei twa dingen. It earste is dat wy by Bernlef al 100 jier 'troch úse grûn' ferbûn binne. De Fryske taal, kultuer en identiteit is wat ús makket wa we binne en wat ús ferbynt hjir yn Grins. Dêrneist ferwiist it ek nei it ferskaat oan regionale identiteiten binnen ús bestjoer; wy prate fan dy en dij, saterdei en sneon, fuotten en futten, en kipen en hinnen.
Op de kommende hûndert jier dat Bernlef Friezen ferbine mei!
Bestjoer 'Troch Grûn Ferbûn' bestiet út de folgjende seis persoanen:
Jildou Bouma, foarsitter
Jelle van Huizen, skriuwer
Jelle Lindeboom, ponghâlder feriening
Maarten Hendrik Taconis, eksterne
Annemarije Bosch, ynterne
Wytze van der Molen, ponghâlder SB
2015 © FFJ Bernlef