20 maaie 2025 wurdt F.F.J. Bernlef, de Fryske studinteferiening yn Grins, 100 jier. Sa as de Fryske studinten gewoan is, moat dat heuchlik feit grut fierd wurde. Dêrom is de feriening drok yn it spier om it hiele lustrumjier in súkses te meitsjen, foar lid, âld-lid en elts ferbûn oan de feriening.
It lustrumjier set 20 maaie 2024 útein, op de 99e jierdei fan de feriening. Takom wykein wurdt dat fierd mei in bûtendei nei it Kameleon-eilân yn Terherne en lykas alle jierren in balskopkompetysje tusken leden en âld-leden. Oanslutend wurdt in resepsje om it hjoeddeistich bestjoer lok te winskjen organisearre. Nei 20 maaie stean de aktiviteiten troch it hiele jier hinne yn it teken fan it lustrum.
It earste dat op de planning stiet is in grutte reis nei de Filippijnen ta. Oft it rinnen op klompen dêr ek oanslaan sil, dêr sil it reisgenoatskip achter komme. Oare aktiviteiten dy’t ûndernaam wurde yn it lustrum binne it útbringen fan in muzykalbum mei sels skreaune Frysktalige muzyk en in lustrumboek dat de kearn fan de feriening yn 100 jier omfetsje sil. Dêrneist meie de oare aktiviteiten dy’t yn it teken fan it lustrum stean net ferjitten wurde: in gala, kamp en in grut lustrumfestival yn Fryslân stean op de planning.
De ôfsluter fan it lustrumjier sil de wiere jierdei fan de feriening wêze yn maaie 2025. Dat sil fierd wurde mei in grutte reüny op 24 maaie 2025, dêr’t elts dy’t ferbûn is oan de feriening wolkom is. Ferhalen fan de studintetiid sels, mar ek fan wat Bernlef jin letter yn it libben brocht hat, kinne útwiksele wurde en kinne Friezen, of Bernleffers, fan alle jierren mei inoar ferbine.
De feriening wol elts dy’t in bydrage leverje wolle soe, yn de foarm fan in moai ferhaal, in idee of in oare bydrage, oantrune dat te dielen mei de lustrumkommisje of it bestjoer fia lustrum@bernlef.frl.
2015 © FFJ Bernlef