'It Lûd fan Hjoed' Ynhammere as 101e bestjoer!

22 Desimber 2025

Op tiisdei 2 septimber 2025 hat bestjoer ‘Troch Grûn Ferbûn’ it stokje trochjûn oan it 101e bestjoer ‘It Lûd fan Hjoed.'

No’t it machtige lustrumjier foarby is, moatte wy foarút sjen. Hoewol’t de feriening in jier âlder wurden is, binne de leden dit jier in stikje jonger. It is de tiid fan âlde lju útswaaie, mar ek fan nije gesichten kennen leare. It allerbêste fan Bernlef moat trochjaan wurde, sadat wy, al dan net ûnder de grûn, it 200-jierrich bestean ek fiere meie. It is no oan ús, de jongerein, om it lûd fan Bernlef te wêzen. Wy moatte goed lústerje nei de tiid en wat der om ús hinne bart, mar ek fan ús hearre litte. Wy binne it lûd fan hjoed.

Bestjoer 'It Lûd fan Hjoed' bestiet út de folgjende seis persoanen: 

Jasper Elias Andringa, foarsitter
Amber Boomsma, skriuwer
Sibren Kingma, ponghâlder feriening
Britt Fritsma, eksterne
Antsje Kroes, ynterne
Teatske Prins, ponghâlder sosjéteit

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.