24 maaie 2025 hâldt F.F.J. Bernlef, de Fryske studinteferiening yn Grins, in grutte reüny ta eare fan 100 jier fan it bestean fan de feriening. De reüny sil plakhawwe op it skoalplein fan de skoalle oan de Agricolastrjitte. Dat sit oan de strjitte achter it pân fan de feriening, de Pizel, en is berikber fia de Mussengang. Op de reüny sille net allinnich leden en âld-leden wêze: elts dy’t him of har ferbûn fielt oan de feriening is wolkom.
De reüny set om 13.00 oere útein. Om 14.00 is in heuchlik momint, nammentlik it útrikken fan it lustrumboek ta eare fan 100 jier Bernlef. In redaksje besteande út leden, âld-leden en in earelid hat de ôfrûne oardel jier yn it spier west om in prachtich boek út te jaan dat rjocht docht oan 100 jier Bernlef: rjocht oan 100 jier Fryske stúdzje, Fryske aksje en Fryske wille. De útrikking fan it boek sil in bysûnder, nea troch de feriening earder fertoand barren wurde. Nei ôfrin fan de útrikking hawwe de besikers fan de reüny de primeur: it boek sil dan foar €10 it stik te keap wêze.
De rest fan de middei stiet yn it teken fan noflik by-inoar kommen fan Bernleffers fan alle generaasjes ûnder it genot fan livemuzyk. En net samar livemuzyk, mar de ferskes fan it lustrumalbum fan de feriening sille dan live te hearren wêze. It album dat yn it ôfrûne jier útbrocht is troch de leden sels. Tagelyk sil sosjéteit de Pizel de hiele middei iepen wêze foar reünybesikers om te besjen en om mei-inoar oantinkens yn op te heljen. Om in oere as 17.00 is de reüny ôfrûn en dêrfoar wurdt elts oanret om yn groepkes fierder oantinkens op te heljen ûnder it genot fan jûnsiten earne yn de stêd Grins.
2015 © FFJ Bernlef