Al jierren ha wy it oer it tekoartkommen fan it studintelienstelsel, en mei rjocht en reden! Benammen studinten dy’t yn it tiidrek fan it lienstelsel begûn binne, krije kear op kear wer in traap nei.
Eartiids waard tasein dat de kwaliteit fan it ûnderwiis ferbettere wurde soe mei it jild dat troch it lienstelsel beskikber waard, mar dêr kaam net folle fan. No is de situaasje sa grouwélich dat der in miljard op ‘e universiteiten besunige wurde moat, itjinge de kwaliteit fan it ûnderwiis krekt bot skansearret. We krije as studinten dus mear lêsten foar minder middels. De fergoeding dy’t de pechgeneraasje krijt hellet dêrby neat út. Moai hear, sa’n fergoeding nei de stúdzje, mar dêr hast as studint neat oan as it de 22e fan ‘e moanne is en dyn foarriedkast leech is. Dan mar maksimaal liene en in kolossale skuld opbouwe? Net frjemd dat de mentale sûnens fan jongerein hjoed-de-dei sa min is.
Langstudearje dogge studinten net om ‘e nocht. Langstudearjen is fakentiids it gefolch fan in breed skala oan persoanlike omstannichheden, sa as bygelyks mantelsoarch of sykte. In syktewet foar studinten bestiet net, dat is ommers gjin wurk. In langstudearboete dan mar? It is dochs skoof en skande en bestraf soks mei in boete, direkt, of yndirekt mei heger kolleezjejild? Dat smyt mear problemen op as dat it oplost.
Nettsjinsteande de niisneamde punten wurde de maatskiplike ferwachtingen fan jongerein al mar heger. Undernimmerskip njonken de stúdzje stiet goed op it CV. Dat kin bygelyks in bestjoersjier by in stúdzje- of studinteferiening wêze, of it belutsen wêzen by in politike partij. Dyn studintetiid is ommers de tiid om dy op dyn takomst te oriïntearjen en om yn dat ramt bestjoerlike, organisatoaryske en ûndernimmersûnderfining op te dwaan. Sokke ûnderfiningen drage de rest fan dyn libben by oan dyn funksjonearjen yn bedriuwen, organisaasjes en de maatskippij. Mei in langstudearboete of kolleezjejildferheging wurdt it studinten allinnich mar dreger makke en kies dêrfoar, wylst dat krekt sa weardefol wêze kin.
Dan noch de grutte maatskiplike fraach nei ferskate beropsspesjalisten dy’t mei it foarnommen belied tsjinwurke wurdt. As wy minsken oantrúnje wolle om oan sa’n stúdzje te begjinnen, binne we wol knap beroerd dwaande wannear’t wy de finansjele drompel heger meitsje. Benammen jongerein út in earmer miljeu ha wol gauris net de finansjele wissichheid om te studearjen, lit stean as dy wissichheid no noch fierder ôfnimt. Dy ûngelike kânsen yn ‘e maatskippij kinst op gjin oar plak sa goed as yn it ûnderwiis tsjingean, just troch de tagongsdrompel leech te hâlden. Mei in langstudearboete pakst dan ek krekt studinten oan, dy’t de stipe it meast nedich binne. We sjogge no al gauris dat studinten earder ophâlde mei studearjen as dat se wolle soene, en hearre faak om ús hinne dat it finansjeel efkes net goed rint.
Wy ha sels ek net oan it ideale byld fan ús nije kabinet foldien: wy binne aktyf by in studinteferiening, dogge bestjoersûnderfining op, binne polityk aktyf of wurkje njonken de stúdzje. Dochs binne wy fan betinken dat it in goede kar wie om te kiezen foar persoanlike groei en ûntjouwing, likegoed as dat wy tinke dat de maatskippij dêr op ‘e lange termyn wat oan hawwe sil. Wy soene troch it nije kabinet dan wol as ‘’langstudearjende sûplappen’’ sjoen wurde kinne, wy meitsje ús yn ús studintetiid al hurd foar de Fryske taal en kultuer: by Bernlef, by Fryske ynstânsjes, binnen de stúdzje en yn de polityk. Sa’n soad jonge minsken dy’t harren dwaande hâlde mei it Frysk binne der spitigernôch net; de drompel om dy yn dyn studintetiid foar ús taal en kultuer yn te setten moat net noch heger wurde. Dan is it noch sa moai dat der mear mei de nije BFTK mear jild komt foar de Fryske saak, mar as it Fryske fjild fan de takomst fuorttreitere wurdt mei soksoarte boetes, is dat jild lang om let ferlern. Wy sizze: fuort mei de langstudearboete, jou eltsenien in earlike kâns.
Jacco Taconis, studint Pedagogyske en Underwiiswittenskippen
Maarten Taconis, Eksterne F.F.J. Bernlef, studint Human Geography and Planning
Sierd Wiebe Prins, ôfstudearre yn Multilingualism mei spesjalisaasje Frysk
Tjitte Hemstra, útfiner, provinsjaal steatelid FNP.
2015 © FFJ Bernlef