De Pizel

Grutte lustrumreüny

24 Maaie 2025 15:00:00

De lustrumreuny sil op sneon 24 maaie plakfine. Hjir komme we graach mei safolle mooglik leden en âld-leden gear om inoar te moetsjen, heugenissen op te heljen en der mei ús allen in moaie middei fan te meitsjen.

Nei alle gedachten sil de reuny oan it begjin fan de middei los gean en oant it ein fan de middei/begjin jûn duorje. De reuny sil plakhawwe op it skoalplein fan de skoalle achter de Pizel. De lokaasje sille we smûk oanklaaie mar der is ek gelegenheid om de soas wer ris efkes fan binnen te besjen. Krekte tiden, logistyk en oare details komme sa rap as it kin op 'e side.

Foar âldleden:

Fansels wolle we wol foar eltsenien in hapke en drankje regelje dus om in idee te hawwen fan animo, freegje we jim om dizze ynteresselist yn te follen at we jo ferwachtsje kinne 24 maaie, dat makket it foar ús makliker om alles goed te organisearjen en om jim op de hichte te hâlden. Graach ynfolle!

http://forms.gle/Kjz2Ljf2WvCquk7HA

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.

Ynskriuwingen

Do moast ynlogge om dy yn te skriuwen.