De Pizel

Beerpongtoernoai

14 Maart 2024 20:30:00

Bist do Willem Tell mei in pingpongbal? Hast do de hân-each koördinaasje fan Stephen Curry en tinkst yn de finale noch lyke skerp en gatsjetûk te wêzen as op falentynsdei? Jou dy dan op foar it ienige echte earste Bernlerf Beerpongtoernoai!!

Organiseare troch ús eigen foarstejiers Hylke en Wico, sil dit toernoai op tongersdei 14 maart in wier spektakel wurden! Do kinst meidwaan yn teams fan twa, en do kist dy opjaan fia de Google Forms hjirre beneden. Hastto no gjin teammaat? Jou dy dan allinich op en wellicht fyne wy wol in team foar dy! Ek minsken dy 't net lid binne by Bernlef binne wolkom!

Der binne ek in oantal regels, namentlik:

1. By alle wedstriiden foar de heale finale sil der in tiidslimiet wêze fan 10 minuten, fan de heale finale âf is de wedstriid klear as in team gjin bekers mear hat.

2. Elk team hat 2 worpen per beurt. As der raak smyten wurdt mei der noch in kear smyten wurden.

3. Per beker dy 't rekke wurdt, mat 1 persoan 1/3 glês drinken.

4. Dyn earmtakke mei net fjirder dan de rân fanne tafel komme ast smytst.

5. As de bal mei in stuit yn de beker komt dan matte der twa bekers fuort. In bal mei in stuit mei de tsjinpartij fuort slaan

6. De bekers wurden opstelt yn in pyramide formaasje mei 6 bekers.

(Alle oare regels dy 't wol ris brûkt wurde by Bernlef. sa as smyte mei in stuit, binne net fan tapassing)

De Ynrin sil wêze om 20:30 en om 20:45 sil it toernoai fan start gean!

Hjirre kist dy ynskriuwe: 

https://docs.google.com/forms/d/e/1FAIpQLSeFZyy5ztMbbwgM38ktM8133Ck_eI33VBYyJKIyYwprgXMBFA/viewform?usp=sf_link 

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.

Ynskriuwingen

Do moast ynlogge om dy yn te skriuwen.